Nynke Laverman - De Iensumen lyrics

Published

0 363 0

Nynke Laverman - De Iensumen lyrics

Yn einleaze greiden stean ik yn stilte. In sinne sûnder glâns rôlet fan 'e ierde. Moanneljocht, skruten falt it del út 'e himel. It gers dampt, it gers dript, swier fan 'e dize En ûnferbidlik bliuwt de grûn beferzen. De simmer wie hyt, sy joech al har krêften: Te koart har azem, Jûkelburd ferlit har nea. Te hearren binn' noch de klokjes yn 'e wyn, It sânich spoar troch it lân noch te sjen, Mar de karre is allang ferdwûn. Alles giet foarby en giet foar ivich En alles wat oerbliuwt Is leaf, mar om op te libjen Net genôch.